Ein july 2022 ha ik mei ús âldste dochter Aukje in roadtrip makke. L.A. – Palm Springs – Sequoia -West Coast – L.A. It wie in prachtige reis! Fan alles sjoen en dien en belibbe en alles goed ferrûn. Graach diel ik in pear koarte ferhaaltsjes, oer tsjerken, keunst en natoer.

De earste snein sei ik; we moatte oars al even nei’t tsjerke. We binne goed oankommen en dêr binne we tankber foar en it is ek snein op’t lêst. Der binne meardere tsjerken yn Palm Springs.  Our Savior’s Luterian, spruts my wol oan. Savior is redder, ferlosser en Luther is ek wol bekend. Doe’t we dêr oankamen stie der in boerd: Living the Love of Jesus. Dat klinkt ek goed. It wie in ny gebou en we gongen wat achteryn sitten. Der kaam fuort al in man op ús ôf en hy hjitte ús fan herte wolkom. En letter noch in oare man; Hello how are you doing? Where are you come from? Jesus is soh good. Welcome to the desert. Koartsein we wiene mear as wolkom. It wie in tsjinst sa as de evangelyske tsjerke. Worship. Praise. Mei in band. En in pastor yn spikerbroek. Mar ek communion/avondmaal. Foaryn tsjerke stiene bankjes om by te ‘knielen’. Moai dat we dit meimeitsje mochten. Wat wy hjir, tink ik, fan leare kinne as gemeente yn Wurdum is dat persoanlik wolkom hjitte wol hiel wichtich en winslik is.

Dan wat my opfoel by it sykjen op Google maps. As je op in plak binne en je wolle sykje wat dêr yn de buert is, dan kin je fine: interessante plaatsen, eten en drinken, parkeren, sportscholen, kunst, attracties, winkelen, aanraders, voorzieningen: hotels, geldautomaat, autoverhuur, benzine, opladen elektrische voertuigen, mar wêr kinne je tsjerken fine? dat kin dochs ek in oplaadpunt wêze of in rêstpunt?

Sa binne we yn Los Angeles yn the Cathedral of our Lady of the Angels west. Anno Domini 2002. By de yngong stie: My house shall be called a house of Prayer for all peoples. Isaiah 56:7.                  Neidat ús tas neisjoen wie troch the sheriff mochten we nei binnen. It wie woansdeitemiddei mar der wie krekt in misse begûn. Dizze katolike tsjerke is krekt as yn Wytgaard wijd oan Maria- Tenhemelopneming. It Halleluja fan in froulike foarsjonger, klonk prachtich en fertroud. Sa fier fan hûs, dizze lofsang, it rekke my. Aukje hat in kearske opstutsen, foar pake en beppe.

The J. Paul Getty Museum stie ek op ús program. In grut (alles is grut yn Amearika) museum, wêr’t je mei in treintsje hinne koene. Fjouwer fleugels mei keunst út alle lannen en iuwen. Vincent van Gogh syn Irissen, Spring fan Lawrence Alma Tadema Dronrijp 1836. Mar ek The Madonna and Child with the Infant Saint John the Baptist fan Giovanni Lanfranco Italian 1582. Maria en Jezus en Joh. de doper. Prachtich fan kleur en ljocht. En The Annunciation fan Godfried Schalcken, Dutch, 1643. De Ingel komt by Maria om de berte fan Jezus oan te kundigjen. En wat my fansels oansprekt: Sheperd with a Flute fan Giovanni Girolamo Savoldo Italian 1525. De hoeder mei in fluit.

Yn Palm Springs binne we mei in gondel, nei it Mount Jacinto State Park west. Net te beskriuwen. De pracht, de kracht. De natoer, oer. It útsicht op bepaalde plakken. De woestyn, the desert. It die my tinken oan de bibelferhalen. En dy rotsen, de bûtenkant fan de ierde. Hiel bysûnder. In wûnder.

Mei groetnis fan Aukje en Elske Roorda-Posthuma