Hjoed gie ds. Hinne Wagenaar foar yn de tsjerketsjinst yn Wirdum.  In tsjinst dy’t gie oer Titus Brandsma fan Oegekleaster by Boalsert. Titus is op 15 maaie hillich ferkleare troch de Paus.

Yn dizze tsjinst gie ds. Hinne yn op Titus dy’t ek in protte betsjutten hat foar de Fryske taal. Hy hat soarge dat it sneins missaal (it boek dêr’t de gebeden, teksten ensfh. yn steane dy’t brûkt wurde yn de Roomsk Katolike tsjinst) yn it Frysk oerset waard. Dat wie fansels hiel bysûnder. Ek hat Titus mei dien oan it oprjochtsjen fan de Fryske Akademy.

Yn de bylden die sketst wurde yn Iepenbieringen giet it faaks oer alle folken, stammen,  naasjes en talen dy’t gear komme. Dat jout it byld dat elts folk, stam, naasje en taal wolkom is. En Pater Titus sil yn it Frysk roppe oer it heil dat fan ús God komt, de wiisheid, hearlikheid, lof, de tanksizzing, macht, de earlikheid en krêft komme fan ús God yn alle ivichheid.

Yn dizze tsjinst barde nog folle mear. Jimme kinne dat noch in moanne besjen en beharkje fia it ynternet: https://kerkdienstgemist.nl/streams/1520596
Of besjoch en lêz it snein-deiboek dat fan dizze tsjinst makke wurd. It komt mei koarten te stean op:  https://kerkinwirdum.com/zon-dagboek-2022/
Meer foto’s fyne jo op: https://www.flickr.com/photos/148412202@N04/albums
En hjir kinne jo de liturgie fan dizze tsjinst besjén: 2022-05-22 liturgie

Collectes: De 1e collecte is voor PKN- Missionair werk- Oog voor kinderen in pioniersplekken. Kenmerkend voor pioniersplekken van de Protestantse Kerk in Nederland is dat zij aansluiting zoeken bij de leefwereld van de bezoekers door het evangelie te delen op een manier die bij hen past. De Protestantse Kerk ondersteunt het werk van deze nieuwe vormen van kerk zijn door heel Nederland. U kunt uw bijdrage voor dit project overmaken op: NL33 RABO 0153 7489 23 t.n.v. Zending/Missionaire comm. Wirdum e.o. onder vermelding van: Oog voor kinderen.

De 2e collecte is voor het eigen kerkelijke werk. Uw bijdrage hiervoor kunt u overmaken op rekeningnummer: NL87 RABO 0152 8786 37 van de PKN Wirdum e.o. onder vermelding van: Kerkelijk werk.