1. Wy binne meiinoar in ryk ferskaat fan blommen
lykas in prachtich maitiidsboeket.
De winter is fan ús gongen, de maitiid is kommen,
fan it simmerskoft ha we no wol ferlet.

2. Sinne en wille kin folle tille” dat wie dit jier ús tema.
Wat wisten wy derfan hoe’t it jier ferrinne soe.
De koroanatiid frege in hieltyd kreatyf oanpassen fan ús skema,
liet ús spontaan sykje, net nei hoe’t it moast, mar nei hoe’t it koe.

3. Fan ús aktiviteiten is mear slagge dan je miskien foar mooglik hâlden.
En dan hawwe we it noch net oer wat der ek noch spontaan te belibjen wie.
Twa kear – mei mûlkapkes noch op en ôf – ús favorite lieten hjir sjonge mei jongen en mei âlden.
Op in neimiddei in Nicolaestsjinst yn Swichum en neiprate oer wa’t no mear fan Maria of fan Martha hie…

4. In protte tsjinsten noch mei in lyts ploechje en op oardel meter ôfstân,
mar online wienen we samar mei folle mear..
We hawwe it wol wat dreech mei alle beheinings hân
mar it libben naam wer in kear…

5. It slotstik fan de sneinsskoalle wie de musical op Earste Krystdei en de Palmpeaske-ontmoetingskerk op de doarpsskoalle wie sa besûnder en nij.
No komt nei Peaske noch dauwtraapjen, Pinkster, op Camstrastate wer yn de iepenloft en noch in troch corona útstelde feestelike fiering fan de doop.
Yn gesprekken mei de feestcommissie en mei doarpsbelang ferkenne wy meiinoar nei mear ferbining de wei.
Sin en wille kin ommers folle tille en dat jout hoop.

6. De Brassband hold net op te spyljen, soms kamen se as it net oars wie gewoan mei fjouwer of fiif.
De blommen waarden ek dit jier liturgysk skikt.
Bernenjonkentsjinst, Jeugd! en Jong Belegen hienen dit jier ek wier wol wat om it liif..
Der wienen aksjes en gebeden foar bern yn Griekse flechtlingenkampen en foar Oekraïne, no’t de hertferskuorrende oarloch sa’n ferbjusterjend kwea bringt en ús ek hjir berikt.

7.UVV/PKN is wer úteinset en ynkoarten is der wer in gemeente- en in besikersjûn.
Yn lytse kring diele we yn maaie einlings wer bôle en wyn,
ferhalen komme dan as blommen út de grûn,
oer fertriet en oer wille en sinneskyn.

8.Yn ‘e groep ‘konstektueel bibellêzen’ praten we oer hoe’t in ferhaal ús hjoed de dei samar oanreitsje koe.
En der wie spontaan noch ‘Kom yn de kring’ foar âlders en lytse pjutten en foar de wat âldere bern ‘Kinderkerk’.
Op it stuit rint de kring ‘ontmoeten en delen rond rouw en verlies’ foar wa’t dêr graach yn diele woe.
Dit – en mear – neame wy no ‘winterwerk’.

9. We drinken sûnt maart hjir wer meiinoar kofje, we prate wer wat by en sa.
In koar fan gemeenteleden hat mei Peaske wer as klysters songen.
Der wie gjin tsjerkepaad mar wol oargelpaad, û.o. mei Theo Jellema.
Ferjou my wêr’t ik wat lizze litten ha, mar sa is it yn grutte lijnen gongen.

Da. Wiebrig de Boer Romkema.