Op peaskemoarn om 06.00 oere klonk lied 216 oer it tsjerkhôf by de Sint  Martinustsjerke yn Wirdum. (Wize: “Moarning has broken”)

Dit is in moarntiid as oait de earste
’t Liet fan ‘e klyster makket God grut.
Tank foar it sjongen, tank foar de moarntiid,
beide ûntspringe nij oan it wurd.

Dau oer de ierde, sinne fan boppen,
hearlike hôftún, rook fan alear.
Tank foar de beammen, blommen en fruchten,
al wa’t hjir omrint, moetet de Hear.

Dei fan myn libben, ljocht foar myn eagen,
ljocht dat al fonkele dêr’t Eden lei
Priizgje yn ‘e moarntiid, God foar syn skepping,
priizgje bliermoedich syn nije dei.