Hear, wês mei ús oant in oare kear.
wol oant wersjen oer ús weitsje;
lit gjin kwea ús rigen reitsje.
Hear wês mei ús oan’t in oare keer.

Hear, wês mei ús oant in oare kear,
wol ús mei jo wjukken hoedzje,
stypje as de stoarmen woedzje.
Hear, wês mei ús oant in oare kear.

Hear, wês mei ús oant in oare kear.
Wol de wegen foar ús sljochtsje,
ús net nei ús sunden rjochtjse.
Hear wês mei ús oant in oare kear.

Hear, wês mei ús oant in oare kear,
as wy wurch en warleas binne,
lit ús dan troch Jo oerwinne.
Hear, wês mei ús oant in oare kear.