De Hear is myn hoeder! 
‘k Haw al myn begear.
’t Is sillich te wêzen
yn greiden fol gerzen.
Hy liedt my nei wetters
sa stil en sa klear.

De Hear is myn hoeder!
Hy wit wa’t ik bin,
Hy wiist mei de paden
troch sinne en skaden,
soe’k falle of wifkje,
myn help komt fan him.

De Hear is myn hoeder!
Him hingje ik oan!
‘k Sil altyd ferkeare
yn’t hús fan myn Heare:
Sa draach ik as kroane
syn leafde aloan.