Snein 18 april wie de ôfslutting fan it winterwurk. Da Wiebrig de Boer Romkema eide it tsjerklike jier mei ús oer:

Fan ’t winter gie ‘It goede libben’ as tema mei ús mei,
mar coronasoargen en – maatregels wienen der ek op ús wei.

‘Bloeie yn Gods Ljocht’ hearde der ek noch by,
want alle dagen is it Ljocht fan Syn Leafde wer as nij.

Dochs moasten wy yn dit winterskoft wol hieltyd wer ‘omstean leare’,
dat wie mei gjin mooglikheid te kearen.

Wat we sa moai betocht hienen, koe net trochgean of moast op in oare wize,
noch in gelok: we rekken der ûnderweis net alhiel yn fertize.

Op de startsnein yn septimber koe der noch wat mear as no,
doe hienen we sels noch in kofje-to-go.

Jimme moaie foto’s oer it goede libben seagen we op it skerm,
en doe nei de Fikarijtún foar in neisit, mei in knapsek mei lekkers ûnder de earm.

Dêrnei hawwe we in soad misse moatten,
wa wit komt der wer wat mear romte ynkoarten.

Net sjonge, en dat foar in protestant!
Gjin kofje mei cake yn it koar en yn pypfol prate oan ‘e kant.

Gjin hân mear by de doar,
gjin goeiemoarn mear yn koar..

Net samar nei ’t tsjerke kinne,
want der mei mar tritich hinne.

Net in eigen plak útkieze,
mar je eigen kar ferlieze.

Jo liede litte troch in koördinator mei in hesje,
guon fûnen dat mar fan lik-me-festje..

En altyd dy oardelmeter en in mûlkapke,
dat is wier gjin grapke…

It online de tsjinst belibjen rekke yn, mei lûd en sels mei byld,
mei de sneinske klean oan thús of yn pyama mei it hier noch like wyld.

Ferhalen oer corona klonken ek yn tsjinsten troch, want it libben komt yn ’t tsjerke mei nei binnen,
ek al woenen guon wol dat dat net sa wie, allinnich al foar it fersetten fan de sinnen.

Der is doopt, yn it amt befêstige, der is belidenis dien, der is roud, betocht en sels in kear troud,
en sa is ek dit jier de gemeente boud.

De bernenjonkentsjinst en ek de sneinsskoalle gienen moedich troch en lieten it der net by sitte,
al lieten de bern harren fertriet om de ôfloste krystmusical gelokkich wol even witte.

We koenen net by harren op besite yn it jierlikse iepen hûs
en ek net nei de jûnen fan it Praethûs, mei goede tema’s by de rûs.

It pastoraat wie der mei mûlkapke dêr’t it nedich wie,
of fia tillefoan, whatsapp of beeldbellen sa’t jo inoar ek even seagen.

Foar soarchynstellings ha ik in ferklearring dat ik dûmny bin,
mar se leauwe my gelokkich faak wol op myn griene eagen.

De ZMC die mei yn ‘Ik ben er voor jou’, der wie liturgysk blomskikken yn advint en 40-dagen- tiid,
de krystnachtkommisje wie mei jo moaiste krystlieten en gebedsyntinsjes tige bliid.

We hienen in Wurdumer Kryst Top Tsien
en fan de jeugd ek in playlist ynien.

De kryststâl wie der sels yn alle konsternaasje,
en foar de krystnacht binne moaie filmpkes makke op lokaasje.

De diakenen lieten har ek net kenne
en woenen de minsken dy’t it Kryst-bôle-iten misse moasten no mar ris mei in besykje en in krystbôle ferwenne.

Foar harren kreative oanpak mei de krysttassen sizze we harren tank en
foar harren trochgeande ynset foar de voedelsbank.

De rintmasters hawwe ek allerhande ekstra drokten hân
en holpen ús ek mei út ‘e brân.

We hawwe wol in komplimint fertsjinne foar de onlinekommunikaasje,
Jeugd gie online, ek Jong Belegen, de Peaskecommisje, it moderamen en de tsjerkerie en
dat gie mei alle lek en brek, mar ek mei fleur en faasje.

Fia Zoom of Teams of Google Meet, It wie wat om elts goed yn byld te krijen..
we ha der om lake, ek al gie it somtiden mei wat lijen.

We witte wer hoe wichtich it tsjerkeblêd en ús webside binne,
minsken, gean der net om hinne!

Wy ha sels in pear kear gemeenteberie yn ’t tsjerke hân
en bringe midden yn coronatiid meiinoar in nij beleidsplan ta stân.

It wie ‘alle hens aan dek’ foar moderamen en tsjerkerie.
Der is in Outbreak Management Team foar de oerheid,
wij hawwe ús eigen Outbreak-Moderamen-Team, wier sûnder gekheid.

Hieltyd mar wer wysheid sykje om de gemeente sa goed mooglik te lieden
yn dizze rare tiden.

De jeugd hat ús – mei in Paaschallenge – in moaie tekst meijûn: Hoop doet leven

Dan sille we it beleve,
en wa wit kin der noch wat heve

mei iepelofttjinst, tsjerkepaed, iets feesteliks yn it simmerskoft?
Sjoch hjoed earst mar nei de blommen en de fûgels dy’t fleane yn de loft.

De takomst is ommers net te lêzen,
mar It Ljocht skynt oer ús en falt hjir ek wol troch de glêzen…