Komt der oait in dei fan frede en fan frijheid , wier en wis
foarin folk dat ûngenedich leechlein wurdt en delslein is?

Sil der altyd frede bliuwe , wurdt dan alles hjir wer goed,
sil God pine en leed ferdriuwe , al ús soargen hjir en hjoed?

Sjochris , hoe’t de teare tûken har ûntjouwe yn grien geniet
oant de fredeblossems rûke , swietrook by in simmerliet

Sjoch de stjerren oan ‘e himel as it tjuster oer ús leit
mar har ljocht sil gau ferdwine , laitsjend komt de nije dei.

Sa’t de beammen ús bewize dat der krêft ta groeien is
sil de Minskesoan ferrize , libbensbeam dy’t ivich is.

Sa’t de stjerren ús fernije dat gjin nacht it tsjuster hâldt
sil it berntsje ús befrije dat it Ljocht is fan ‘e wrâld

Syb van der Ploeg.

Sjoch en lústerje ek op: https://www.youtube.com/watch?v=vJK6TN6FAKg