God fan fier en hein ús Heit,
dat wy hilligje jo namme
ûnder ús sa faak ûntwijd
troch jo eigen bern beskamme.

Bûch de folken nei jo wet,
lit jo ryk op ierde komme.
Byn jo wil ús op it hert
en wy sykhelje ferromme.

Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou wat wy misdiene,
sa’t ek wy ferjûn ha, Hear,
al dy’t skuldich foar ús stiene.

Lit oer ús gjin neare nacht,
lied ús net yn blyn begearen.
Binne wy yn duvels macht,
Hear, ferlos ús fan ‘e kweade.

God fan fier en hein, ús heit,
sûnder heimnis is jo namme,
grut yn krêft en hearlikheid,
oant yn alle tiden. Amen.