Om de minsken en de bisten,
om de honger en it leed,
om de lytsen en de grutten,
al jo skepsels yn har need.

Om it minskdom sûnder takomst,
om de macht dy’t ús benearet,
roppe wy foar alle folken
Kyrie eleison, Hear.

Eare oan de God fan de himel
dy’t de grûnslach fan de skiednis is.
Eare oan de foarst fan de folken:
Gloria in excelsis.

Frede by minsken op ierde,
dêr’t syn takomst no al geande is.
Frede by lytsen en grutten:
Gloria in excelsis