Wat binn’ de goede fruchten
dy’t groeie oan de Geast?
De leafde en de freugde,
de frede âldermeast,
geduld om te ferdragen
en goedens foar en nei,
it leauwe om al ús fragen
te neamen hûndertreis.

It leauwe om te skinken,
te skinken hûndertfâld,
dan sjogge wy allinken
it wûnder fan ‘e wrâld:
dit libben yn syn hoede,
de ierde as in thús,
’t binn’ jeften fan Gods goedens
en syn geduld mei ús.