Op Peaske is de Peaskekears fan 2019 net weijûn. Dat is wol dien yn de Pinkstertsjinst. In Peaske / Pinksterkears en dat past goed want Pinkster is ek it begjin fan de tsjerke.

De kears wurd weijûn oan minsken die in protte betsjutten hawwe foar de gemeente. Dit jier binne it twa minsken; Johannes en Bea Koornstra. Johannes is yn desimber ferstoarn. Hy hat in protte wurk ferset foar de tsjerke. Sa wie hy 16 jier tsjerkerintmaster, koster. Ek siet hy yn it team dat de Fikarij draaiende hâldt. Dat lêste die hy mei Bea. En Bea hat in protte typwurk dien foar it tsjerkeblêd en om bysûndere liturgys te meitsjen. Sy hat yn de tsjerkerie sitten as lid fan de diakonij en wie dêr de ponghâldster. Op 3e juny is de kears oan Bea oanbean!