Mozes gie werom nei syn minsken. Se wienen hiel stil doe’t er tsjin har begûn te praten.
Dit sei er: ‘Hjir ha ik se by my. Se stean yn stien beitele. It binne tsien regels, dêr moatte jim it mei dwaan. Der falt mei te libjen. De regels dy’t ik by my ha, binne gjin spulregels fan wat mei en wat net mei. It binne leefregels fan wat kin. It is in soart útnoeging fan God om mei te dwaan mei wat God leaut dat de minsken kinne. En dat sil net maklik wêze. Mar it giet derom datst leauwen bliuwst dat is sa kin. Lústerje goed, want dit seit God:

1. Ik bin de Hear, jim God. Ik ha jim frijmakke út in ûnfrij lân. Hâld jim dan ek oan jim befrijer. En soargje derfoar dat jim frij bliuwe fan oare goaden.

2. Besykje My net út te tekenjen. Dat wol ek sizze datst net beweare meist, datst wol krekt witst hoe’t God is en hoe’t Hy derút sjocht.

3. Neam myn namme net by dingen dêr’t Ik net mei te meitsjen ha wol. Dat wol sizze datst foarsichtich wêze moatst mei dat wurd God.

4. Fier ien dei yn ‘e wike as myn dei. Dat wol sizze dat it in frije dei is. Op sa’n dei moatst alle minsken dy’t foar dy wurkje, frij jaan.

5. Hâld jim heit en mem yn eare. Want ast dat net dochtst, ast âldere minsken mar sitte litst, dan soargest der net foar dat se frij wêze kinne.

6. Slaan net ien dea. Dat wol ek sizze datst elkoar net yn ‘e steek litst. God joech ús de kâns om te libjen. Dêrom meist elkoar it libben net ûnmooglik meitsje.

7. Bliuw trou oan ‘e minsken dêrst fan hâldst. Dat wol ek sizze dat minsken sunich wêze moatte op minsken dy’t fan elkoar hâlde. As God in God is dy’t fan ‘e minsken hâldt, moatte de minsken derfoar soargje dat minsken fan elkoar hâlde kinne.

8. Stel net. As de God dy’t ús yn ‘e woestyn genôch te finen jout om fan te libjen, ús God is, dan meist net foar dysels ynpikke wat fan elkenien is.

9. Sprek net fals. Dat wol sizze datst noait in oar ferriede meist troch him fertocht te meitsjen. As we God fertrouwe wolle op syn wurd, mar we kinne elkoar net fertrouwe, dan wurde we noait frij foarelkoar.

10. Wol net altyd ha wat by in oar heart. Dat wol ek sizze: do moatst net altyd sa wêze wolle as in oar.’

En doe’t Mozes dy tsien regels, dy’t yn ‘e bibel de tsien geboaden neamd wurde, allegear opneamd hie, sei er: ‘It komt hjir op del: God hat ús frijmakke. Hâld jim oan dy God. En dat wol ek sizze: hâld fan ‘e minsken.
De fraach is no, wolle jimme dit. As jim it net wolle, kin it net.’
En doe sei it hiele folk: ‘Ja, hjir wolle wy oan meidwaan’
En dat is de earste grutte ôfspraak wurden tusken God en de minsken.