God fan fier en hein ús Heit,
dat wy hilligje jo namme,
ûnder ús sa faak ûntwijd,
troch jo eigen bern beskamme.

Bûch de folken nei jo wet,
lit jo ryk op ierde komme.
Byn jo wil ús op it hert
en wy sykhelje ferromme.

Jouw ús hjoed ús deistich brea,
en ferjou wat wy misdiene,
sa’t wy ek ferjûn ha, Hear,
al dy’t skuldich foar ús stiene.

Lit oer ús gjin neare nacht,
lit ús net yn blyn begearen.
Binne wy yn duvels macht,
Hear ferlos ús fan ‘e kweade.

God fan fier en hein ús Heit,
wûnder heimnis is jo namme,
grut yn krêft en hearlikheid,
oan’t yn alle tiiden. Amen.