Op dizze prachtige simmerdei gie fan ‘e moarn ús âld dûmny Hinne Wagenaar út Jorwert foar. De 1e lêzing wie út Genesis 28: 10-17: Jakob dreamt dat der in ljedder delset wie op ierde dêr ‘t de boppe-ein rikke oant yn de himel. Gods ingelen gongen derby op en del. De 2e lêzing wie út Matthéus 5: 1-10: it earste part fan de berchrede oer de sillichsprekkingen. De preek gie deroer dat as men besiket om te libjen nei de sillichsprekkingen, men dêr de hannen fol oan hat. It liket in drege striid, dêr ‘t minsken mei de rêch nei de ierde nei boppe klimme. Mar is dat wol sa – giet it wol om in striid? Wolle jo hjir mear oer witte, dan kinne jo terjochte by it Snein-Deiboek, dat op dizze website stiet.

Van deze dienst wordt een zon-dagboek gemaakt. Daarin kunt u meer lezen bekijken van wat er in deze dienst gebeurde. Het staat inmiddels op deze website. Zie: https://kerkinwirdum.com/zon-dagboek-archief/
Ook kunt u de dienst nog een maand lang beluisteren via: https://kerkdienstgemist.nl/streams/1520596
Meer foto’s van de kerkdienst staan op: https://www.flickr.com/photos/148412202@N04/albums