Sy hawwe de tsien wurden op har fingers neiteld
en yn dieden omset, sa stridend foar in rjochtfeardige wrâld:

1. Wiis My net ôf troch immen of wat oars te oanbidden.
2. Lis My noait fêst yn in selsmakke byld.
3. Brûk My net as dekmantel foar ûnrjocht,
wês yn myn namme in segen en net in flok.
4. Fier ien dei yn de wike datst in frij minske bist,
kom ta rêst en betink hoe’t ûnderdrukking op te lossen en foar te     kommen is.
5. Jou minsken op jierren har rjocht op soarch en noed.
6. Gean net oer liken.
7. Haw respekt foar alle besteande relaasjes.
8. Nim it sa nau mooglik mei dines en mines.
9. Stean yn foar suvere rjochtspraak en lit it oeral en altyd earlik om en ta gean.
10. Aazje net op wat in oar hat, haw leaver wat foar in oar oer.

(tekst: Doede Wiersma)